Oaljekoekenpartij 20-12-2011
Geschreven door Webmaster
|
01 januari 2012
2 Kear waard de Oaljekoekepartij ôflast, mar dit jier gong de wedstriid wer troch en wol op freedtejûn 30 desimber. Der hiene harren 41 keatsers opjoen. Nei dat we SiepVisser en Arend Hofstra (net hielendal fit) oerhelle hiene om ek mei te dwaan, hiene we in moaie list mei 4 partoer yn de A-klasse en 10 partoer yn de B-klasse.
Nei in lekkere oaljekoek gongen de keatsers los. Omdat we ferwachten dat we in lange keatsjûn ha soene hiene we betocht om tiid te winnen mei 4 perken foar de B-klasse en 1 foar de A. En dat wie mar goed ek want der sieten in pear hiele drege partijen tusken yn de
B-klasse. Foaral it partoer fan Uiltsje Veldstra mei Bertina en Gerry, wisten de boel op te hâlden, troch beide kearen fan in grutte efterstân werom te kommen. Sneu foar harren ferlearen se beide partijen wol, mei 5-5 / 6-6 en 5-5 / 6-2.
De finales fûnen sawat tagelyk plak. Yn de A-klasse gong de striid tusken it partoer fan Sjoerd Nauta, Jappie Dijkstra en Andries Idsarda tsjin René Leenstra, Jouke Vennik en Ale Mosselman. Mei 5-4 en 6-0 wûnnen Sjoerd cs. de krans.
Yn de B-klassen gong de finale yn de verliezersronde tusken partoer 8: Tjerk Overal, Anne v.d. Werf en Anne Sybesma en partoer 3: Ron Oortwijn, Daan v.d. Ley en Jan v.d. Woude. It partoer fan Tjerk Overal wie mei 5-5 / 6-2 de sterkste.
De finale yn de winnaarsronde gong tusken partoer 7: Kees Sikkema, Siep Berkepas en Rein Seerden en partoer 2: Tjerk Jorritsma, Lyckele Sijtsinga en Jan v.d. Vlugt. Hjir gong it partoer fan Tjerk Jorritsma mei de kransen nei hûs.
Neist de kransen wiene der foar de 1e priis winners fansels ek tradysjetrou de tillegraafkes. Jammergenôch wiene dy yn Terherne stean bliuwn en koene de keatsers dy noch net mei krije. Mar dy wurde fansels noch thús brocht!
We ha in leuke en gesellige keatserij hân en wiene ûndanks sommige drege partijen moai foar middernacht klear. De waarme oaljekoeken gongen der wer goed yn, al moasten we se sommige minsken wol efkes ûnder de noas drukken…
De priiswinners yn de B-klasse:
1e prijs w.r.: Tjerk Jorritsma, Lyckele Sijtsinga en Jan v.d. Vlugt
2e prijs w.r.: Kees Sikkema, Siep Berkepas en Rein Seerden
1e prijs verl.r: Tjerk Overal, Anne v.d. Werf en Anne Sybesma
2e priis verl.r.: Ron Oortwijn, Daan v.d. Ley en Jan v.d. Woude
Winnaars B klasse : Lyckele Sijtsinga, Jan van der Vlugt en Tjerk Jorritsma

De priiswinner yn de A-klasse:
1e prijs: Sjoerd Nauta, Jappie Dijkstra en Andries Idsarda
2e prijs: René Leenstra, Jouke Vennik en Ale Mosselman
Winnaars A klasse - Sjoerd Nauta, Andries Idsardi en Jappie Dijkstra
